Piter Wilkens - Bregewipper shanty lyrics
rate me<b>Brêgewipper shanty</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Filefoarming op 't kanaal, altyd mar wachtsje
'k besoargje skippers mannich kwaal, altyd mar wachtsje
altyd mar wachtsje, altyd mar wachtsje
ik hearskje as in admiraal, altyd mar wachtsje
Auto's, bussen, frachtferkear, it ljocht op read en it rydt net mear
de motor út as ik regear
Ja wier as ik it rêde kin, hâld ik sels in fleantúch tsjin
o, wat ha ik it nei 't sin
As lytse poppe moast ik al, dan draaide ik mar wer in drol
it iene ruft nei't oare fol
Op skoalle moast ik elke kear, myn wurk hie'k altyd samar klear
't wie net sa geunstich foar de sfear
In hoartsje wie ik militair, jim riede 't al, wat die ik dêr
ik waard dêr lui en solitair
By alle fammen dy't ik hie, as ik mar efkes fierder gie
nea ris oernachtsje, sadat ik faak foar joker stie
C.D.'s meitsje doch 'k net mear, it duorret mar, it komt noait klear
ik wurd der gek fan iderkear
Wannear hâld dit liet ris op, is der in hendel of in knop
ik wurdt sa healwiis yn 'e kop
Ik hâld no oare minsken tsjin, ja, brêgewipper is wat ik bin
ik doch no wol myn eigen sin, lit se mar wachtsje!
hear hoe't men op my skelle kin, prins Claus en ek de keningin,
it statenjacht en Rintintin, Neptunis en elke seemearmin,
de Dútser, de Noor, de Sweed, de Fin, de T.G.V., de Seppelin,
de ein, de jerke en de hin, siz my hat it libben sin?,
ik ha gjin tiid foar myn freondin, ik wurdt lui en dik en ik wie sa tin,
is der noch mear wat ik betinke kin?, hee sjoch, dêr giet in haaiefin!