Piter Wilkens

Piter Wilkens - Boatsman Charlie Donovan lyrics

rate me

<b>Boatsman Charlie Donovan</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Kom freonen, kom en harkje

ik jou jim goede rie

mei ’t liet oer Charlie Donovan

dy’t ea myn boatsman wie

’t ropt fier, me boys – hear en huver!

it is stjerrende wier!

Syn mem wie Yndiaanske

en syn heit in diplomaat

hy fûn himsels in echte wees

en hy wie myn kammeraat

Op alle oseanen

wie er op it snjit

en hy hie Charlie Chaplin

tatoeëarre op syn lid

Kloften moaie froulju

fynst op de Place Pigalle

Donovan waard net oars as oars

mar ik, ik waard oeral

You bloody fool, sei Donovan

aanst is it om ’e nocht

hâld dyn bek no efkes ticht

en sjoch hoe ’t in man dat docht

Wy krúsken oer de Place Pigalle

it wie in prachtich plan

want ynienen rôp in tsjep jong faam:

dêr ha je Donovan!

De froulju kamen op ús ta

út de huzen fan plezier

sy fregen ús leaf mei te gean

foar in slok en wat fertier

Wy sieten lúks yn in salon

en dronken dûbelop

de froulju wienen wei fan ús

streaken Charlie ’s keale kop

Wy libben dêr godsliderlik

en it gie der mâl om wei

it skip fear fierder sûnder ús

mar dêr sieten wy net mei

Twa dagen en fiif wiken

wie it feeste oan ien trie

omdat ús Charlie Donovan

sa moai tatoeëare wie

Sis it tsjin elkenien, me boys:

hy dy’t fergees wat wol

sil earst om in tatoeëarder

en hat syn hannen der oan fol

dit ferhaal is stjerrende wier!

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found