Piter Wilkens

Piter Wilkens - Best genoch lyrics

rate me

<b>Bêst genôch</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />Wy binne net in prachtich pear

do bist gjin dame en ik gjin hear

wy binn' net earm, wy binn' net ryk

mar wy binne tegearre sterk as in dyk

Soms ha wy spul, faaks om neat

wy snappe soms elkoar ferkeard

mar do bist it famke dêr't ik fan hâld

en it is my sa, wol bêst genôch

't Is bêst genôch, 't is bêst genôch

soms falt it ta, soms falt it ôf

soms binn' wy bliid, soms binn' wy drôf

mar hoe dan ek, 't is bêst genôch

Do hâldst fan hurd en lekker koel

en ik fan stadich en net sa fûl

ús leafdeslibben giet op en ôf

mar it is my sa wol bêst genôch

Bin ik pystich, hasto gjin sin

en asto wolste dan bin ik min

ja ús leafdeslibben, it giet op en ôf

mar it is my sa wol bêst genôch

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found