Piter Wilkens

Piter Wilkens - Ballade fan de wapene biddelman lyrics

rate me

<b>Ballade fan de wapene biddelman</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />De sinne stiet heech oan ’e loft

de himel is blau

de minsken wachtsje al sa’n skoft

geduldich en trou

foar deselde dêr’t men aanst op

wurdt wakker mei konfetty struid

se wiuwe nei in limûsine

hawwe nearne noasje fan

mar it is hielendal helder

seit de biddelman

De pantserweinen steane klear

sjitte sa sûnder pardon

út namme fan it nij regear

mei in wetterkanon

dan wurde alle minsken stil

is de staasje kâld en kil

libje hûnderttûzen slaven

ûnder de ban

it is hielendal helder

seit de biddelman

Myn stradivarius fan stiel

helje ik út har etwy

ik raas it út, mei hert en siel

libje de anargy!

hjir ha ’k op wachte, dagenlang

gau spylje ik myn solosang

in salvo yn stakkato

ea krijt men der noasje fan

want it is hielendal helder

seit de biddelman

No sil ik sjonge mei kleare stim

ûnder it galgebynt

o, folk, fermanje jim!

oant harlekyn ferdwynt

troch de hypokrisy en de skyn

troch it pantser fan in limûsine

bring ik in nije streaming

as ik myn strykstôk span

it is hielendal helder

seit de biddelman

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found