Piter Wilkens - Ballade fan ald baas freark en moaie cecilia lind lyrics
rate me<b>Ballade fan âld baas freark en moaie cecilia lind</b> by <i>Piter Wilkens</i><br />In eilân by jûntiid mei moanneskynwaar
der klinkt wat muzyk, in bas, in gitaar
de âlde baas Freark, hy dûnset omtrint
mei de lytse, wat skruten, Cecilia Lind
Har eagen binn’ sluten, ja wier, sy geniet
syn earms binn’ noch sterk, romantysk it liet
it ferwaarmet har sinnen, dit is har momint
sy kleuret yn ’t tsjuster, Cecilia Lind
En wat seit âld baas Freark, 50 jier âld
wy binn’ op in eilân, it wetter is sâlt
mar swiet is it lân as in man dy bemind
dêr moatsto op wachtsje, Cecilia Lind
It feest is no dien en wat sille sy dwaan
hy bringt har nei hûs, wol him fierder net jaan
mar sy lústert dûzich, foar dy bin ’k in flint
mar jou ris in tút oan Cecilia Lind
Pas op, seit baas Freark, ik bin te âld
do bist sa moai, noch mar krekt op de wrâld
dit is wat net mei en hjir hie ’k net op sind
mar ik bin al hast sechstjin, seit Cecilia Lind
De stjerren ferdwine, de moarn fielt sa njoer
oan it fjoer fan har leafde joech hy him oer
de leafde is blyn foar in âlde frijfint
noch ien lêste tút, seit Cecilia Lind