Om'e Noard

Om'e Noard - maskerade lyrics

rate me

<b>maskerade</b> by <i>Om'e Noard</i><br />t Feest is foarbij, fuort is de maskerade,

de simmerwyn dy boartet mei't papier,

de sweef is al op de karre laden,

de lêsten sitte oan it lêste bier.

De kop fan Jut is in kopke lytser makke,

de polonaise giet foar in jier op stâl.

In pear folhâlders dy bliuwe plakken

en yn'e fierte heart men dronkemans geôl.

Wat is in minske sûnder clownsmanieren,

sa sûnder masker, sa hielendal bleat.

Dan is der eins net safolle te fieren,

foar de measten sels hielendal neat.

In famke tocht: "No begjin it leven!"

efter de tinte, bij har earste tút.

No is er fuort, har jonge held fan efen;

hij leit yn't gêrs, lamlazerus langút.

Wat is in minske sûnder clownsmanieren,

sa sûnder masker, sa hielendal bleat.

Dan is der eins net safolle te fieren,

foar de measten sels hielendal neat.

In bierfleske, foar de helte leechdronken,

leit as in tsjûge yn't platwalste gêrs

en de drinker leit, frijwat beskonken

en alhiel út'e tiid, dêr fredich nêst.

Efkes koe men alles ferjitte;

wie men swiirichheden kwyt.

Mar de wierheid komt jin yn'e mjitte;

ûnferbidlik is de tiid.

Wat is in minske sûnder clownsmanieren,

sa sûnder masker, sa hielendal bleat.

Dan is der eins net safolle te fieren,

foar de measten sels hielendal neat.

Wat is in minske sûnder clownsmanieren,

sa sûnder masker, sa hielendal bleat.

Dan is der eins net safolle te fieren,

foar de measten sels hielendal neat.

't Feest is foarby, fuort is de maskerade,

de simmerwyn dy boartet mei't papier.

(c) tekst Harrie Foppema / muziek: Wim Beckers

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found