Om'e Noard - feroaring lyrics
rate me<b>feroaring</b> by <i>Om'e Noard</i><br />Ea wie hij dyn alles mar ynienen gie hij fuort;
wistest net watso moastest fûlst yn in djip swart gat.
Do tochtst dat dit it ein wie, hie'st pine en fertriet.
hope kaam op dyn paad mei't ferstriken fan'e tiid.
Minsken wolle produseare , winst meitsje stiet nûmer ien
Alles draait op folle toeren , wilens smoargens de loft yngiet.
Mar troch al dat krewearjen , bin de loften net mear wiid;
it tij net mear te kearen mei't ferstriken fan'e tiid.
Mei't ferstriken fan'e tiid
merkst dat alles langsem slyt:
grutte rotsen wurde sân;
djippe seeën wurde strân.
Yn elts wêzen en elts ding
komt feroaring.
Men tinkt nea âld te wurden hat faaks de gek dêrmei.
Tinkt dat men alles oan kin , oan't in goeie dei.
It net mear rint sa as it rûn, de faart dy biste kwyt;
want nei't begjin krij'st it ein mei't ferstriken fan'e tiid.
Mei't ferstriken fan'e tiid
merkst dat alles langsem slyt:
grutte rotsen wurde sân;
djippe seeën wurde strân.
Yn elts wêzen en elts ding
komt feroaring.
Wy wol' fan alles ha , al ha wij bij de rûs:
wij moatte alsmar mear: hypotheek in eigen hûs.
Mar dat is mar matearje wilens libben mear biedt,
mar dêr komme wij pas efter mei't ferstriken fan'e tiid.
Mei't ferstriken fan'e tiid
merkst dat alles langsem slyt:
grutte rotsen wurde sân;
djippe seeën wurde strân.
Yn elts wêzen en elts ding
komt feroaring.
(c) Wim Beckers