Om'e Noard

Om'e Noard - don quichot lyrics

rate me

<b>don quichot</b> by <i>Om'e Noard</i><br />Hingje oer de leuning fan de brêge

lit myn tinzen farre mei de stream.

Ik meitsje fiere reizen

lit ferbylding syn gong gean

Sa sjoch ik frjemde lannen,

doch dingen dy'k nea earder die

moetsje minsken; kom op plakken

wer nea earder in stjerling wie

It wetter nimt mij fierder mei

en tinzen geane op'e rin

Krij de moaiste fisjoenen

fan hoe't libben eins wêze kin

Mar weagen wurde wylder

de wyn hellet as in swipe oan.

De loft stiet sfier;

en lûden krije in woaste toan.

Al fjochtsje ik net tsjin muonnen

ha'k gjin lâns en gjin pij,

wij lykje op inoar:

swalkers yn ús fantasij.

Beide wij sykjend

nei eat wat der net is.

Wij binne doarmers

Don Quichot en ik.

Hingje oer de leuning fan de brêge

en lit mij farre mei de stream

dan kin'k myn soargen ferjitte

yn in hearlik dizige dream.

As ik sa hing te hingjen

wit ik soms net mear wat ik moat

De wirklikheid kin'k net gripe

foar mij is't libben fol kontrast.

Al fjochtsje ik net tsjin muonnen

ha'k gjin lâns en gjin pij,

wij lykje op inoar:

swalkers yn ús fantasij.

Beide wij sykjend

nei eat wat der net is.

Wij binne doarmers

Don Quichot en ik.

(c) Wim Beckers

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found