Nynke Laverman

Nynke Laverman - Hallelujah lyrics

rate me

<b>Hallelujah</b> by <i>Nynke Laverman</i><br />Ik hearde fan ‘t geheim akkoard

dat David brocht ta Gods gehoar

Mar psalmgesang hat dy nea ynteressearre

It wûnder fan trep fjouwer, trep fiif

de fal yn mineur, as majeur ferriist

Ferbjustere skoep hy it Hallelujah

Hallelujah

Dyn leauwe moast bewizen ha

Doe seachst har baaien op it dak

Sok moais yn ’t moanneljocht, do koest wol stjerre

Sy naam dy nei har keamer mei

sûchde alle krêften út dy wei

en twong dy ta in nuodlik Hallelujah

Hallelujah

Leafste, ik ha hjir earder sjoan

dit bêd besliept, de flier berûn

Allinnich wie der earder as tegearre

Ik seach de flagge op dyn kastiel

mar leafde is gjin oerwinningsmiel

’t Is in kâld en brutsen Hallelujah

Hallelujah

Der wie in tiid datst by my wiest

en my dyn wêzen fiele liests

Wêrom’t dat oer is, hasto nea ferklearre

Mar ferjit net wa’sto wiest yn my

hoe’t wy ús mei de himel frijden

elke azemstjit wie Hallelujah

Hallelujah

Miskien dat der in god bestiet

Mar al wat ik fan leafde wit

is hoe te slaan ne wa ’t myn lok skansearret

’t Is gjin geskriem, jins rie tenein

en ek gjin fromme psalm op snein

’t Is in kâld en brutsen Hallelujah

Hallelujah

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found