Marjan Fennema

Marjan Fennema - Lyts Meager Wyfke lyrics

rate me

<b>Lyts Meager Wyfke</b> by <i>Marjan Fennema</i><br />Lyts meager wyfke

it hier yn in kúfke

sa stoarret se stil foar har út

Jierren fan wachtsjen

hoopje en smachtsje

en altyd mar útsjen foar it rút

Yn tizen fertinze

yn wanhoop en peinze

sa wachtet se altyd op him

Soms glimket se even

want yn har beleven

heard sy dan efkes syn stim

Moast net gûle leaf memke fan my

al sil ik dy ferlitte

ik sil dy nea ferjitte

myn herte is altyd by dy

net gûle leaf memke fan my

Hy woe emigrearje

net ien koe him keare

it libben wie him hjir te krap

Fertize yn wetter fan regels en wetten

foel de beslissing al rap

en hoebot se ek preke

en hoebot se ek smeke

hy woe nei Amearika ta

alhiel op de doele

koe se allinnich mar gûle

myn jonge dan mis ik dy sa

Moast net gûle leaf memke fan my

al sil ik dy ferlitte

ik sil dy nea ferjitte

myn herte is altyd by dy

net gûle leaf memke fan my

Doe't it fleantúch omheech gie

en sy op de grûn stie

allinnich sûnder har soan

Doe't flak far har eagen

har dreamen ferfleagen

doe griisde de takomst har oan

Har ynleave jongen

wêr't sy sa op hong

it ienichste wat se besiet

ferbline troch triennen

giet troch har hinne

wat hy har as treast efter liet

Moast net gûle leaf memke fan my

al sil ik dy ferlitte

ik sil dy nea ferjitte

myn herte is altyd by dy

net gûle leaf memke fan my

It gie him bysûnder

hy buorke fan wûnder

in faarm mei wol fiifhûndert kij

grutsk koe se fertelle

as hy har ris belle

in skat is dy jongen fan my

De jierren ferrûnen

de beltsjes ferdwûnen

hy hie it te drok yn de States

En djip yn har wist se

dat hy har net miste

dôchs hâldt se syn wurden noch beet

Moast net gûle leaf memke fan my

al sil ik dy ferlitte

ik sil dy nea ferjitte

myn herte is altyd by dy

net gûle leaf memke fan my

Lyts meager wyfke

it hier yn in kúfke

sa stoarret se stil foar har út

Se wachte en longe

op har leave jonge

mar hy kaam har kant net wer út

Hy skreau doe't er hearde

dat sy demintearre

in brief nei it ferpleechtehûs ta

jimme moatte har fersoargje

ik sil it wol boargje

as it tiid is dan bin ik der sa

Moast net gûle leaf memke fan my

as sil ik dy ferlitte

ik sil dy nea ferjitte

myn herte is altyd by dy

net gûle leaf memke fan my

net gûle leaf memke fan my

net gûle leaf memke fan my

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found