Mariusz - Draai my run (Leonard Cohen cover) lyrics
rate me<b>Draai my rûn (Leonard Cohen cover)</b> by <i>Mariusz</i><br />Hjir yn de stêd wenje seis moaie froulju
Der binne skouders dêr’st op útgûle kinst
Der is in lobby foar saaklike manlju
Der is in park foar it iensume bist
Der is in byld, beferzen yn moarntiid
It giet mei, by my yn myn jas
Ai-ai-ai-ai
Draai my rûn, draai my rûn
Draai my rûn en lit my net los
Ik wol dy, ik wol dy, ik wol dy
Op in bank hjir midden yn de stêd
Op in plakje net fier by myn hol wei
Yn de kelders hjir ûnder de grêft
Op in planke dy’t oars altyd kâld is
yn in echo fan tsjuster en klam
Ai-ai-ai-ai
Draai my rûn, draai my rûn
Draai my rûn en meitsje my waarm
Yn ’t run, yn ‘t rûn, yn ‘t rûn, yn ‘t rûn
Doch my dizze wals, suver en falsk
en meitsje my los fan de grûn
Hjir yn de stêd is in moaie muzykseal
wêr’sto hjoed oan oandwaning ta klonkst
Op de merke krijsto al dyn publyk stil
asto libben en dea dêr besjongst
Ach, mar war rint hjir nachts mei dyn foto
en stoarret dy hieltyd wer oan
Ai-ai-ai-ai
Draai my rûn, draai my rûn
Draai my run hjir by my yn ‘e hân
Der is in souder dêr’t bern altyd boartsje
dêr’t do en ik hinne gean
Wy jouwe ús del foar in hoartsje
Genôch foar in noflike dream
En ik sjoch yn dyn eagen dyn soargen
Dyn hert mei in dûbele trien
Ai-ai-ai-ai
Draai my rûn, draai my rûn
Draai my run en lit my begean
Yn ’t run, yn ‘t rûn, yn ‘t rûn, yn ‘t rûn
Doch my dizze wals, suver en falsk
en meitsje my los fan de grûn
En ik dûnsje mei dy no de stêd troch
yn myn donkerbrune sniewite jas
Myn dreamen ha my al ta bêd brocht
en wekje de wurklikheid los
Dyn foto, ’t ferlangen, de pine
myn tinzen, yn winsken ferbûn
ik lit se foar altyd ferdwine
yn in sels groeven gat yn de grûn
En do draachst my no dûnsjend de stêd út
en gjinien sjocht ús ea wer werom
Leasfste, do leafste
do draaist my rûn, draaist my rûn
Do draaist my rûn en do makkest my from
Leasfste, do leafste
draaist my rûn, draaist my rûn