Jan Tekstra - mei men alline lyrics
rate me<b>mei men alline</b> by <i>Jan Tekstra</i><br />Heit ik wol mei dy te fiskjen
en moast myn neie fuotbal sjen
Heit, do moatst mei my healwiizje
en my leare hoe’t ik in bân plakke kin
Heit, wolst mei my nei de kermis ta
en de fjouwerjûnetocht mei my rinne
en op e’ ein fan e’ tocht
gewoan wer op e’ nei begjinne
Heit, ‘k soe fan dy swetse poche beare wolle
tsjinoer myn maten
want harren heiten kinne ek sa folle
Moarn heit, moarn wol ik foar dy it keatsen winne
En heit, asto dan lâns de kant stean koest
soesto my dan noch kinne
Heit, wolst mei my nei de kermis ta
en de fjouwerjûnetocht mei my rinne
want allinne mei mem,
bin ik sa allinne
Wit heit wol, dat achter ús hûs
hiele moaie paadsjes rinne
dus soe heit dan net efkes in kearke komme kinne
want allinne mei mem, bin ik sa allinne
Heit, ‘k soe fan dy swetse poche beare wolle
tsjinoer myn maten
want harren heiten kinne ek sa folle
Heit, hasto wyl yn ‘e gaten
dat ik no al alve bin