Jan Tekstra

Jan Tekstra - It wetter lyrics

rate me

<b>It wetter</b> by <i>Jan Tekstra</i><br />Ik stoarje oer it wetter,

dat lyk as ik,

ea yn beweching wie

Peilderdjip en driigjend swart,

krekt as wat der yn dyn eagen stie

Lauwerblyn lyk as in mol

dat is wat ik wol, hmm

Om mar net te hearren of te sjen

dat alles is ferlern

sûnder dy kin ik net

Iten, sliepe, rinne, dûnsje, libje

En dus bliuw ik hjir no sitten

Bliuw ik hjir no wachtsjen

oant it wetter ea wer yn beweching komt

en dan driuw ik sa, oant de see ta

wersto op my wachtsje silst

De loft is licht en sûnder ein

en sa fier boppe my

ûnoantaastbar en dochs sa tichtby

lykas dy

It is yn de loft te lêzen

mar op myn lippen is befêrzen

sûnder dy kin ik net

Iten, sliepe, rinne, dûnsje, libje

en dus bliuw ik hjir no sitten

en bliuw ik hjir no wachtsjen

oant it wetter ea wer yn beweching komt

en dan driuw ik sa, oant de see ta

wersto op my wachtsje silst

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found