Jan Tekstra

Jan Tekstra - grutte gleone gouden sinne lyrics

rate me

<b>grutte gleone gouden sinne</b> by <i>Jan Tekstra</i><br />De teannen tippe, hakken wippe

op ‘e grins fan droech en wiet

de fuotten dûnsje, ieren bûnzje

myn hiele wêzen is licht en bliid

do kleurest myn libben bûnt

ik dûnsje met dy de wrâld yn’t rûn.

De skonken fleane op ‘e kletter

boppe de knibbels spat it wetter

de soele wyn aait my de holle

‘k soe elkenien wol tútsje wolle

do kleurest myn libben bûnt

ik dûnsje mei dy de wrâld yn’t rûn

Do grutte gleone gouden sinne

do strielest oer en troch my hinne

fan ‘e iere moarn oan ’t lette jûn

ha ‘k hjoed by dy de waarmte fûn

Spegels blikkerje op it blau

op eltsje hoeke stiet in moaie frou

yn ’t griene lân, yn ’t witte sân

sûnder dy is der gjin moarn

do kleurest myn libben bûnt

ik dûnsje mei dy de wrâld yn’t rûn

Do grutte gleone gouden sinne

do strielest oer en troch my hinne

fan ‘e iere moarn oan ’t lette jûn

ha ‘k hjoed by dy de waarmte fûn

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found