Jan Tekstra

Jan Tekstra - fan my lyrics

rate me

<b>fan my</b> by <i>Jan Tekstra</i><br />Yn dyn bêd fan roazen haw ik fûn wêr’t ik nei socht

dyn waarme blanke boezem dûnset yn it moanneljocht

dizze wylde jongesdream dy is mar al te wier

want dy giet neat te fier

Do bist hielendal fan my, hielendal fan my

Do en ik dat is no wy, ik fan dy en do fan my

Do draaist dy nochris om ik aai dyn sêfte hûd

út dyn mûle klinkt in betoverjend lûd

sliepsto al of bisto noch yn dit moaie mearkelân

wer’t leafde wint fan it ferstân

Der bisto hielendal fan my, hielendal fan my

Do en ik dat is no wy, ik fan dy en do fan my

Mar wat asto no wekker wurdst, silst alles dan ferjitte

stapsto dan út myn wrâld en litsto my hjir samar sitte

ik sil dy wekker meitsje, want ik moat it no echt witte

Hé sliepsto noch, leisto noch te dreamen

Hé witsto leave, dy dream fan my

die hatsto mei dyn wûndermoaie liif en al dyn tsjoenderskeunsten

en ferburgen, wylde sterke krêften, útkomme litten

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found