Jan Tekstra - famke famke lyrics
rate me<b>famke famke</b> by <i>Jan Tekstra</i><br />It is al wer sa let, ik sjoch de wyzers fan ‘e klok dy’t rûntsjes rinne
Ik ryd werom fan dat wêrfan ik my no ôffreegje, wêrom moast ik dêr eins dochs hinne
De beide hannen op it stjoer, de beide eagen stoarje yn ‘e fierste fierte
As wat ik hjoed dien haw dan sa belangryk wie, hoe koe ik alles dan wêr ferjitte
En ik wit, as ik myn eagen ticht doch
dat ik dyn waarme billen foar my sjoch
mar ik fjochtsje tsjin dit slim bedroch
kop dêrby, ik moat noch kilometers troch
eagen iepen, ik moat noch kilometers troch
Famke, famke, wat moatsto dochs mei my
famke, famke, ik gjin sa faak oan dy foarby
Famke, famke, wêrom wachtesto op my
want ik bin fierstente min foar dy
Dizze nacht is noch swarter as swart, de moanne skûlet foar de sinne
Ik mis de waarmte fan die gouden bal, ik mis dyn waarme liif om my hinne
De ljochten fan it tankstasjon roppe ta, “wat jo sykje kinne jo hjir fine”
Mar as ik binnen kom, brândt it neon yn myn eagen en fiel ik allinne leeche pine
En ik wit, as ik myn eagen ticht doch
dat ik dyn waarme billen foar my sjoch
mar ik fjochtsje tsjin dit slim bedroch
kop dêrby, ik moat noch kilometers troch
eagen iepen, ik moat noch kilometers troch
Famke, famke, wat moatsto dochs mei my
famke, famke, ik gjin sa faak oan dy foarby
Famke, famke, wêrom wachtesto op my
want ik bin fierstente min foar dy
Ik set de auto del, de lêste meters nei ús hûs rin ik troch de stille strjitte
Sa as altiid hasto my allang heard, do dochst it ljocht oan en komst my temjitte
Do seist: ‘’Ik bin sa bliid datsto der bist, ik koe net sliepe, ‘k moast hieltyd oan dy tinke
De jonges freegen fan ‘e jûn hieltyd nei dy , hasto it kâld jongen en wolsto wat waarms drinke?”
En ik liz mei myn eagen ticht
myn kâlde hannen op dyn waarme billen
myn ruche burd tsjin dyn sêfte gesicht
it fielt sa goed om dy te fielen
famke, famke, wat bin ik sûnder dy