Jan Tekstra

Jan Tekstra - besunder lyrics

rate me

<b>besûnder</b> by <i>Jan Tekstra</i><br />As ik der net mear bin

en do fynst de dagen

net gewoan

de nachten net sa’t

sy wiene

tink dan dat wy

gewoane dagen en

gewoane nachten hiene

om’t dat der sa’n soad

besûndere wiene

As ik der net mear bin

lit dan dyn tinzen

dy besûndere

dagen en nachten liene

en witte dat wy

tusken al it gewoane

sa’n soad besûnders hiene

As ik der net mear bin

wit dan dat wy

by nacht en by dei

yn it gewoane

wat besûnders wiene

As ik der net mear bin

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found