Bombarje - Jukte op 'e rech lyrics
rate me<b>Jukte op 'e rech</b> by <i>Bombarje</i><br />Jûkte op 'e rêch ik klau my dea.
Jûkte op 'e rêch ik ha it net mear.
Jûkte op 'e rêch ik gean noch dea.
'k ha jûkte op 'e rêch.
Luzen, tiken bargebiten in wollen trui fan beppe,
stekke my op 'e rêch, je soenen der hast fan reppe.
klauwe, en mar mâl dwaan, ride op 'e grutte feart,
klauwe as in rûpske hazze en it jout my allegear neat.
Jûkte op 'e rêch ik klau my dea.
Jûkte op 'e rêch ik ha it net mear.
Jûkte op 'e rêch ik gean noch dea.
'k ha jûkte op 'e rêch.
Mei in sjekky en in pilske, baarne yn 'e hite sinne,
bulten hiele moaie froulju, brún as mokka 'k sjoch se rinnen.
Sels wol ik ek wol sa wurde sadat eltse iisko raant,
mar jûns lis ik wer te klauwen myn rêch is wer ferbaarnd.
Jûkte op 'e rêch ik klau my dea.
Jûkte op 'e rêch ik ha it net mear.
Jûkte op 'e rêch ik gean noch dea.
'k ha jûkte op 'e rêch.
Mei de rêch tsjin 'e muorre, rosse as in heale soal,
juster by de grienteboer tusken de reade en wite koal.
as 'k dat sa doch, dan skamje ik my dea,
eltsenien sjocht my oan, juster hjoed, en oare moarn.
Jûkte op 'e rêch ik klau my dea.
Jûkte op 'e rêch ik ha it net mear.
Jûkte op 'e rêch ik gean noch dea.
'k ha jûkte op 'e rêch.