Gurbe Douwstra

Gurbe Douwstra - Kertier oer Fiven lyrics

rate me

<b>Kertier oer Fiven</b> by <i>Gurbe Douwstra</i><br />De wekker wijst kertier oer fiven

En de nacht is hast te'n ein

De lekkens klam noch fan ús liven

Ik fiel it plak, hjir hastû lein

It wie in jûn om te ûnthâlden

Wij hawwe praat en sûpt, fan alles dien

En doe op bêd net mear te hâlden

Oerenlang tegearre ien

Dû hast tocht dat ik lei te sliepen

'k Wie ek wol wurch, lang om let

Mar al diest de doar ek noch sa hoeden iepen

Ik ha dij wier wol heard

Dû lietst mij fan dijn lippen priuwe

Ik mocht mij lave oan dijn lijf

En watstû ek seidest, ik woe 't leauwe

God, wat wiest in prachtich wijf

Foar dy woe 'k alle brêgen brâne

Nea wer werom, hieltyd foarút

Der midden yn, net oan 'e râne

Folslein ferlern, troch mar ien tút

Want ik wie op slach fereale

'k Woe hiel myn libben troch mei dy

Mar ik ha 't fernaam, foar dy wie 't inkeld wille

En no bist hjir al wei

It hûs is leech 'k fiel my ferlitten

Ik wit wol dat ik gjin rjochten hie

Mar wêrom lietstû my net witte

Dat it mar boartsjen foar dy wei

En dochs wol ik dy ien ding sizze

Ik hoopje datst der acht op slachst

Do meist altdy by my lizze

Ek al is 't mar foar ien nacht

It like krekt as lei 'k te sliepen

Mar ik wie fan leafde blyn

De eagen ticht, myn hert stie foar dy iepen

Mar dû woest der net yn

De wekker wijst kertier oer fiven

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found