Gurbe Douwstra

Gurbe Douwstra - Foar Sybe lyrics

rate me

<b>Foar Sybe</b> by <i>Gurbe Douwstra</i><br />Kearsang

Wêrom binn' de wûnders út 'e wrâld?

Wêrom binn' de wûnders út 'e wrâld?

Ik woe der noch graach ientsje sjen

In lytske mar, as 't even kin

Wêrom binn' de wûnders út 'e wrâld?

Ik wit it wol, hjir is net tsjin te striden

Ik hâld 't mysels ek kear op kear wer foar

Mar hoopje is dochs myn goed rjocht

Al is it dan ek om 'e nocht

Dit is foar mysels, net foar in oar

Ik wol sa graach noch even mei dy prate

Wat slop geouwehoer of in echt petear

Mar stadichoan wurd stû sa stil

Net mear de krêft, noch wol de wil

As ik dy sa sjoch, dan docht dat sear

Kearsang

Ik wol dy noch graach eefkes by my hâlde

Och, wat seur ik no, ik wol dy nea wer kwyt

Dus 'k wit net wêr't ik wêze moat

Mar wol dat der wat barre moat

Want ik stean noch sa bot by dy yn 't kryt

Kearsang

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found