Gurbe Douwstra

Gurbe Douwstra - Dizze stoarm lyrics

rate me

<b>Dizze stoarm</b> by <i>Gurbe Douwstra</i><br />It like eartiids krekt in mearke, út sa'n tsjok ferhaleboek

wy wienen it ideale pearke, yn ús wrâldsje sa temûk

wat wisten wy no fan it libben, mar wol o sa eigenwiis

en wy wienen der wakker wis fan, dizze leafde wurdt net griis

Tegearre gauris mei fakánsje, nei Parys of Grikelân

en ek al krigen wy gjin garânsje, wy wisten: dit hâldt ivich stân

wy sieten elke jûn te praten, ik de whisky, do de wyn

symbolyk net yn 'e gaten, ús swarte kat tusken ús yn

En dizze stoarm kinne wy net keare

ús woartels steane yn los sân

kinne gjin twirre mear ferneare

gjin hâldfêst, gjin fêst ferbân

En sûnder dat wy it fernamen, dreaunen wy stadich útelkoar

hieltyd mear ús eigen paden, hieltyd minder troch ien doar

no krij ik fan 't ligen dikke lippen, as ik wer ris sis: 'Ik hâld fan dy'

myn wurden glêd as griene sjippe, do leauwst al lang net mear yn my

En dizze stoarm kinne wy net keare

ús woartels steane yn los sân

kinne gjin twirre mear ferneare

gjin hâldfêst, gjin fêst ferbân

En lang om let wurde wy stiller, hawwe noait ris echt mear spul

mar ek noait ris echt mear wille, ek net om de flauwekul

wy prate noait mear oer fakánsje, wolle beide net mear fuort

it giet oer de bern of oer finânsjes, oare siden binne ferskuord

En dizze stoarm kinne wy net keare

ús woartels steane yn los sân

kinne gjin twirre mear ferneare

gjin hâldfêst, gjin fêst ferbân

En dizze stoarm kinne wy net keare

ús woartels steane yn los sân

kinne gjin twirre mear ferneare

gjin hâldfêst, gjin fêst ferbân

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found