Gurbe Douwstra

Gurbe Douwstra - De swalkerinne (Leonard Cohen cover) lyrics

rate me

<b>De swalkerinne (Leonard Cohen cover)</b> by <i>Gurbe Douwstra</i><br />Jawis, dat fok dat by dy kaam wienen dealers

op ’t punt belies te jaan

asto se fan de strjitte hiest ferballe

Ik ken dat soarte goed

’t is dreech en hâld fan wer sa’n man yn noed

dy’t opjout wêr’t er jierrenlang nei stribbe

dy’t opjout wêr’t er jierrenlang nei stribbe

En do fagest alle rotsoai op

syn strjitsje skjin mar hy is op ‘e rin

it hûs is leech mar yn dyn holle

strúnst mei him mei de strjitte oer

wachtsjend op de bui dy’t spielt en waarmet

sadat er noait mear hoecht te swalkjen

Hy wie Joazef, do in trochreed mei in kribbe

Hy wie Joazef, do in trochreed mei in kribbe

En dan, stoarjend yn de tsjust’re nacht

hy seit: do hiest him yn de macht

mei leafde, mei dyn waarme swiete molke

En dan toant er syn aginda

fol mei flechten en mei jild, hy seit:

do wistest dat ik nea foar immen libbe

Dan komt der noch in oarenien

dy sjocht dyn doar noch iepenstean

as wist er fan dyn goedens like folle

O, do hast se faker hân

mei jild, in golle laits, in goed ferstân

Mar it sulver dat net suver is giet ruskjen

En hy smeket om dyn bêd op bleate knibbels

Ja, hy smeket om dyn bêd op bleate knibbels

Dêr rint ien mei de holle del

de groeven steane yn it fel

it jild wat al te fluch en fier fuort rôle

Hy leaut noch yn syn eigen praat

syn tonge spuit hûndert wurden

mar wierheid is mei liif en each besibbe

Do joust him in goed miel en klean

mar fielst dy nei de bliksem gean

do soest de doar fan no ôf ticht ha wolle

Mar de kaai iskwyt, de sinne strielt

de strjitte skynt yn kleur, yndied

ach leafste, eins bisto de swalkerinne

ach leafste, eins bisto de swalkerinne

Ik wachte op it treinstasjon

mar wist net rjocht op wat perron asto

in kaartsje kocht hiest nei de polder

Begryp my goed, it is net sa

dat ik wachte ha op dit of op ’t ien of oar of dit soart saken

te faak hast falske eerlikheid belibbe

In ôfspraak moarn, asto dat wolst

de brêge dêr’t it folk net komt

want ûnder lizze frjemden yn de groppe

Myn auto rint noch

en de waarmte lûkt in man

hy krûpt deryn, do sjochst him lizzen

witst: hy bliuwt mar eefkes

En it komt dy foar as hie hy hjir nei stribbe

En do seist: OK, de brêge is myn libben

En do fagest alle rotsoai op

syn strjitsje skjin mar hy is op ‘e rin

it hûs is leech mar yn dyn holle

strúnst mei him mei de strjitte oer

wachtsjend op de bui dy’t spielt en waarmet

sadat er noait mear hoecht te swalkjen

Hy wie Joazef, do in trochreed mei in kribbe

Hy wie Joazef, do in trochreed mei in kribbe

En dan, stoarjend yn de tsjust’re nacht

hy seit: do hiest him yn de macht

mei leafde, mei dyn waarme swiete molke

En dan toant er syn aginda

fol mei flechten en mei jild, hy seit:

do wistest dat ik nea foar immen libbe

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found