Fokke de Groot - RUSSIA! lyrics
rate me<b>RUSSIA!</b> by <i>Fokke de Groot</i><br />Doem, doem, doem, doem
Doem, doem, doem, doem
It like ús wol aardich ta, nei Ruslân op toernee
It lân fan perestrojka en fan de KGB
Mar Moskou is in grutte stêd en roebels binne djoer
Eerst spylje en dan pas op bêd, it iis sloech om in fjoer
It Kremlin dûnse op har fûneminten, It Reade Plein sprong einlings út har bân
Dat bin' foar ús bysûndere mominten, mar bring in Rus dat mar-ris oan't ferstân
Elk minsk hat fan muzyk ferlet, sa ek de presidint
It Goutumer Shanty- en Balladkoar wie by him al lang bekend!
It Kremlin dûnse op har fûneminten, It Reade Plein sprong einlings út har bân
Dat bin' foar ús bysûndere mominten, mar bring in Rus dat mar-ris oan't ferstân
Mar bring in Rus dat mar-ris oan't ferstân
We songen ús de longen mei ‘Kalinka’ út it liif,
mar by min 15 wurdt men dochs wat stiif
Wat stiif!? Brr..
Dûnsje, dûnsje, dûnsje, hoi, hoi, hoi!
Dûnsje, dûnsje, dûnsje, hoi, hoi, hoi!
Dûnsje, dûnsje, dûnsje, hoi, hoi, hoi!
(En) It Kremlin dûnse op har fûneminten, It Reade Plein sprong einlings út har bân
Dat bin' foar ús bysûndere mominten, mar bring in Rus dat mar-ris oan't ferstân
De tiid hâld ek by ús gjin skoft, nostrovje op It Heitelân ....HOI!