Fokke de Groot

Fokke de Groot - Ik Bin It Leafst By Dy lyrics

rate me

<b>Ik Bin It Leafst By Dy</b> by <i>Fokke de Groot</i><br />Somtiden is’ t in wûnder hoe’t it rint

Liket dat alles is foarbestimt

No 'st neaken dûnsest hjir yn myn himd

Ik bin it leafst by dy

Koesterje de oeren sûnt ik mei dy bin

Fiel ek oan dy do hast it nei dyn sin

Merk oan de wurden dy't ik tsjin dy sis

No dat ik neist dy lis

Do bist it moaiste dat ik ienris fûn

Winskje dat it ek sa fielt foar dy

Lit it foar ivich duorje dizze jûn

Foardatst it wist is it foarby

Iens komt in dei dat ik der net mear bin

It ienichste dat oerbliuwt is myn stim

Faaks is myn wrâld dan wol fan soargen frij

(Mar betink) 'k wie it leafst by dy

Do bist it famke dat ik altyd socht

Kloppet myn hert as wie it nij

'k Lês yn dyn eagen en al wat ik sjoch

Do hâldst ek fan my

Kom leafste lit ús dreame sûnder wurd

Fan it mearke dat bysûnder wurdt

As aanst de sinne ek ús tsjûge wurdt

Hâld ik it meast fan dy

Ik bin it leafst bij dy

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found