Fokke de Groot

Fokke de Groot - Fryslan, Fryslan lyrics

rate me

<b>Fryslân, Fryslân</b> by <i>Fokke de Groot</i><br />Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren

Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren

Tinzen falle fan my ôf, soargen wurde lichter

En wit'k wer wêr'k faak finzen sit, yn myn rol, myn plichten

Want troch it silen op 'e mar, it farren op it wetter

Troch romte, weagen, ljocht en wyn fiel ik my al wer better

Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren

Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren

As ik lang om útens bin, al rin ik oer it moaiste strân

Al stean ik op de heechste berg, sjoch ik út nei't flakke lân

Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren

Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren

Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren

Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren

No't ik wit wêr'k wêze moat bliuw ik wat faker Fryslân trou

Ik fiel my dan ek aardich thús, sa as op 'e Lemmer, Wâldsein, Snits of Grou

Wêr't wy yn 'e wrâld ek sitte

Nea sil it bern-yn-dy syn heitelân ferjitte

Frijheid winkt, de sinne skynt, wyn rûst oer de weagen

Ik krij wer moed en sjoch wer ljocht, ik ha wer doel foar eagen

Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren

Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren

Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren

Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren

Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren

Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found