Fokke de Groot

Fokke de Groot - Farwol Jehannes lyrics

rate me

<b>Farwol Jehannes</b> by <i>Fokke de Groot</i><br />’t Is op ‘e kop ôf tweintich jier ferlyn, ik pakte tear har hân

Se tute him, har iennichst soan, gong nei in hiel fier lân

Se knypte my sa heal wat fyn doe’t tiid wie om te gean

De lêste wurden fan ús mem dy koe’k mar krekt ferstean

Farwol Jehannes jong, al bist sa fier fan’t honk

Ferjit dochs nea dyn leave memke dy’t dy it libben skonk

Skriuw in brief sa no en dan, dan wit’k hoe’t mei dy giet

Mar bliuw in Fries yn wurd en die en sjong dyn eigen liet

’t Is in ôfskie fan in prachtich plakje en fan freonen fan myn hert

Farwol Jitske, ‘k bin wisberet no

My werom sjen dat silsto net

Farwol Jehannes jong, al bist sa fier fan’t honk

Ferjit dochs nea dyn leave memke dy’t dy it libben skonk

Skriuw in brief sa no en dan, dan wit’k hoe’t mei dy giet

Mar bliuw in Fries yn wurd en die en sjong dyn eigen liet

O, myn memke, myn ynleaf memke, jo ferjitte sil ik nea

Myn hert gûlt ek, mar moat wier gean no

Groetsje jo foar de lêste kear

Farwol Jehannes jong, al bist sa fier fan’t honk

Ferjit dochs nea dyn leave memke dy’t dy it libben skonk

Skriuw in brief sa no en dan, dan wit’k hoe’t mei dy giet

Mar bliuw in Fries yn wurd en die en sjong dyn eigen liet

’t Wie in ôfskie fan in prachtich plakje en fan freonen fan myn hert

Farwol Jitske, ‘k wie wisberet no

Dy werom sjen dat soe ik net

Farwol Jehannes, jong, al bist sa fier fan’t honk

Ferjit dochs nea dyn leave memke, dy’t dy it libben skonk

Skriuw in brief sa no en dan, dan wit’k hoe’t mei dy giet

Mar bliuw in Fries yn wurd en die en sjong dyn eigen liet

Mar bliuw in Fries yn wurd en die en sjong dyn eigen liet

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found