Die Twa

Die Twa - Famke Fan Myn Dreamen lyrics

rate me

De jûn is hast foarby, de barman ropt: “It leste rûntsje”
De dûnsflier is fol, de minsken sjonge, dûnsje, laitsje nei elkoar.
Soe sy wol witte, dat ik in eachje haw op har?
Of sjocht sy my gewoan net stean, ik sit fertwyfeld oan’e bar.

Straks gean de ljochten op, de minsken fuort, myn dream foarby.
As ik wat wol, dan moat it wurde no, ik gean oerein.
Ik rin op har ôf, en set myn angsten oan’e kant,
‘k Sjoch yn har eagen, nim har mei, betink my net, en gryp myn kâns.

REFREIN
He, do bist it famke fan myn dreamen,
D’ bist alles wer’t ik no al sa lang op wachtte ha!
He, kom do mar mei my mei en dûnsje mei my troch it libben,
Want do bist myn leafde, myn leafde is foar dy!

No stean wy each ien each, wat moat ik dwaan, myn wangen kleurje
Ferlegen freechje ‘k har ‘wolsto miskien wat drinken ha fan my?
Want do en ik, by binne foar elkoar bestimt
Dus slút dyn eagen, nim myn hân, betink dy net, en gryp dyn kâns

REFREIN
He, do bist it famke fan myn dreamen,
D’ bist alles wer’t ik no al sa lang op wachtte ha!
He, kom do mar mei my mei en dûnsje mei my troch it libben,
Want do bist myn leafde, myn leafde is foar dy!

Sy rikt har earmen nei my út, en rint op my ta,
Sy sleept my mei de dûnsflier op en ik sjong foar har

SOLO

A capella
He, do bist it famke fan myn dreamen,
D’ bist alles wer’t ik no al sa lang op wachtte ha!

REFREIN (transpose)
He, do bist it famke fan myn dreamen,
D’ bist alles wer’t ik no al sa lang op wachtte haw!
He, kom do mar mei my mei en dûnsje mei my troch it libben,
Want do bist myn leafde, myn leafde is foar dy!
Al myn leafde is foar dy!

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found