De Kast

De Kast - Wa't Ik Bin lyrics

rate me

<b>Wa't Ik Bin</b> by <i>De Kast</i><br />Koest do net sjen, koest do net oan myn eagen sjen

Dat ik gjin fjoer mear yn my hie

Wêr wie de stim, wêr wie de stim dy't tsjin my sei

Dat ik myn dream ferjitten wie

En de dagen gien foarby en ik libbe mei de dei

Want ik hoechde net te witten fan de moarn

Sa ticht by dy, myn hiele libben wie 'k by dy

Dochs wie dyn tinken fier fan my

'k Ha alles jûn, ik ha my oan it lot ferbûn

Wy gienen elts ús eigen wei

Mar by alles wat ik die, wat ik yn myn hannen hie

Feroare blinkend goud yn inkeld sân

De dreamen dy't ik dreamde binne mei de tiid ferflein

Lit my frij om no te fleanen, lit my fleane yn 'e rein

Ik iepenje de finsters en ik fljoch sa fier ik kin

Want ik kin no einlik wêze wa't ik bin

Mar de jierren rekken wei, en de tiid dy naam ús mei

En wy hoechden net te wachtsjen op 'e moarn

De dreamen dy't ik dreamde binne mei de tiid ferflein

Lit my frij om no te fleanen, lit my fleane yn 'e rein

Ik iepenje de finsters en ik fljoch sa fier ik kin

Want ik kin no einlik wêze wa't ik bin

De dreamen dy't ik dreamde binne mei de tiid ferflein

Lit my frij om no te fleanen, lit my fleane yn 'e rein

Ik iepenje de finsters en ik fljoch sa fier ik kin

Want ik kin no einlik wêze wa't ik bin

Want ik kin no einlik wêze wa't ik bin

(C) Kees Bode - Systse Broersma - Peter van der Ploeg - Nico Outhuijse

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found