De Kast - mal my dy lyrics
rate me<b>mâl my dy</b> by <i>De Kast</i><br />ik bring dy yn dyn bedsje de gerdinen haw ik sletten
dyn moaie eagen binne swier
it bearke op dyn kessen bist noch nea in dei fergetten
't is krekt as do al trije jier
moat altyd mei en at se wei is moat 'k har fine
wat bin ik mâl mei dy
it wie in moaie dei rûnst op dyn klompkes yn 'e blikke
in flinter dwarle by dy del
do woest har aaie mar do liest har smar skrikke
fan minsken wurde flinters kjel
do seachst har nei doe kaamst by my en hast my frege
wêr giet se hinne wêr 't oare flinters binne
wat bin ik mâl my dy
en at it moarn is sil 'k dy alles wol fertelle
en asto grut bist bist do nea te grut foar my
gean no mar sliepen en ast bang bist moast my roppe
ik sil der wêze ast my ropst sil ik der wêze
wat bin ik mâl mei dy