De Kast - Boerebuterfeart Nei Omsk lyrics
rate me<b>Boerebûterfeart Nei Omsk</b> by <i>De Kast</i><br />Wy ride mei de troika troch it wite winterwâld
It friest in graag as tritich en it is ferrekte kâld
De hynstehoeven knarse troch de droege farske snie
`t Is yn Siberië, dus wat oars as de Dokkumer Ie
Ik reiz`gje mei ús omke Wassilev út Wolgograd
Dêr`t hy in winkeltsje mei wodka, tsiis en bûter hat
Us omke is in slimme sakeman nei myn idee
In troika fol mei boerebûter fan de E.E.G.
Dy bûter, seit ús omke, is yn`t Westen fierste djoer
Dus fret men margarine en de bûter dy bliuwt oer
Dêr hat men dus yn Brussel dizze oplossing op fûn:
Wy Russen krij dy bûter foar in dûbeltsje `t healpûn
Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis
Bûter, brea, griene tsiis, och se binne lang net wiis
Wy binn` op reis nei Omsk en omke hat in fleurich sin
Hy sjongt fan Hop hop hynke en Hou er de moed maar in
Mar ûnderwilens wurdt it roerich op `e eftergrûn
En heart men moartsjen en mâlgûlen troch de winterjûn
It is in keppel wolven en se komme tichterby
Us omke set in liet yn fan Hup sûpengrottenbrij
Dan sjonge wy de Wâldsang en ek noch it Heitelân
Mar dêrmei hâlde wy de tastân lang net yn `e hân
It Dokkumer lokaaltsje, Skûtsjesilen is ús nocht
En wylst de earste wolf in raam nei omke`s skonken docht
Sjong ik fan Rôlje rôlje en ik jou de wolf in hoart
`t Is skande, seit ús omke, mar de bûter moat oerboard
Bûter, brea, griene tsiis, ja it is in grutte griis
Griene tsiis, bûter, brea, leaver alles kwyt as dea
Dêr ploft it earste skoand`re doaske bûter op `e grûn
De wolven fret`as wolven want de wolven binne sûn
Sa binne wy foarlopich oan in wisse dea ûntkaam
Wol no ris brûzj`en siede en It feintsje fan Menaam
De hynders drave pittich, mar wy binn` noch net yn Omsk
It swit dat stiet ús op `e rech en dochs binne wy klomsk
En wylst it tsiende doaske bûter foar de wolven ploft
Elts mei graach ris fiskje en De tiid dy hâldt gjin skoft
De bûter rekket op mar omke ropt: ha mar gjin noed
Wy ha noch wol in doaze Pastachoca bearegoed
De wolven frette alles, mar se jouwe har net del
Dêr giet de lêste Braderije en de Halvamel
Bûter, brea, griene tsiis, God wat wurdt ús omke griis
Griene tsiis, bûter, brea, mem ik wol noch lang net dea
Dan binne wy yn Omsk en omke stekt de fûst omheech
Wy binne rêden, ropt er, ek al is de troika leech
Iksels bin fan myn sûp en stut, fan`t hynder en oerstjoer
Mar okme Wassilev fersûpt syn allerlêste stoer
Hy sit de hiele nacht mei al syn maten yn`t kafe
Se sjonge Bonke bonkefeart en Henkie Kroes olé
Us omke wurdt op`t lêst fansels sa dronken as in mûs
Nei dizze wer in frisse, der is bûter by de rûs
Bûter, brea, griene tsiis, noch in kear en altyd priis
Griene tsiis, bûter, brea, bûten, Kobus giet nei Appelskea
Bûter, brea, griene tsiis, bûten friest it hynsteiis
Griene tsiis, bûter, brea, mei de boerefaam yn`t hea
En no dus de moraal, want dy moat dit ferhaal dochs ha:
Us bûter is te djoer foar d`absolute minima
En wylst de heale wrâld noch altyd op in houtsje fret
Binn` yn Siberië alle wolven as in baarch sa fet
Bûter, brea, griene tsiis, beppe hat har rydbewiis
Griene tsiis, bûter, brea, hagelslach en wetterskea
Bûter, brea, griene tsiis, mem har panty yn `e tiis
Griene tsiis, bûter, brea, supertrio Wolvegea
Bûter, brea, griene tsiis, poeiermolke en anys
Griene tsiis, bûter, brea, protters boppe Jobbegea
Bûter, brea, griene tsiis, `k seach ús omke Sybren niis
Griene tsiis, bûter, brea, sels mei gryp ûnder de lea
Bûter, brea, griene tsiis, en wa`t noch mear wit krijt in priis