De Kast & Piter Wilkens

De Kast & Piter Wilkens - simmerliet lyrics

rate me

<b>simmerliet</b> by <i>De Kast & Piter Wilkens</i><br />Fryslân do libbest, do libbest as in hert,

gjin dei dat ik net even oan dy tink.

Der baarnt in fjoer yn my, in libbenslang ferlet,

dy te rûken, dy te sjen dyn taal te hearren,

myn byld fan dy is noch net skansearre:

dyn wide loften, de sinne op it waad,

boerepleatsen yn it beammeskaad,

de âlde toer dy't tolve oere slacht,

de fiere lûden yn'e stille nacht.

Fryslân do libbest, do libbest yn myn hert,

al bin ik fier fan dy, ferjit my net,

Fryslân ferjit my net.

Bin ik werom dan fyn ik op'e taast de paden

As ik werom bin stiet de flagge op'e toer

Bin ik werom dan stiet it fee te pronkjen

As ik werom bin giet dat nijs as diggelfjoer

Bin ik werom dan sjoch ik al myn âlde freonen

As ik werom bin rint it libben út'e hân

Bin ik werom dan wol ik feesten fiere

As ik werom bin leit it hea wer op it lân

(c) Piter Wilkins

Get this song at:  amazon.com  sheetmusicplus.com

Share your thoughts

0 Comments found